Topdei foar slachters

24 des 2001 - 00:00

De Fryske slachters hiene moandei in topdei. Elk woe noch krekt foar de kryst farsk fleis yn 'e hûs helje. Der wie foaral in grutte loop op gourmet en rollades.

Mar ek de kalkoen liket yn opmers te wêzen. Friezen ite it leafst net te djoer en se steane ek net yn 'e rige foar eksoatysk fleis. In soad minsken hellen tusken de middei har fleis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)