Oanhâldings nei fjochtpartijen

23 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat nei in fjochtpartij op 'e Jouwer sneontemoarn betiid 6 minsken oanhâlden. De eigner en twa portiers fan in kroech oan 'e Midstrjitte krigen klappen fan in tal besikers. De plysje kaam tuskenbeiden en hâldde ien Snitser en fiif Jousters oan,

Ek yn Ljouwert en Snits waard fochten. Dêr waarden meiinoar 7 minsken oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)