Hearrenfean ûnderút yn Breda
SC Hearrenfean ferlear sneon yn Breda mei 2-1 fan NAC. Troch it ferlies sakket Hearrenfean fan it tredde nei it fyfde plak op 'e ranglist. Hearrenfean waard fan begjin ôf oan yn 'e ferdigening drukt. Ernie Steward iepene de skoare foar NAC, Sergio skoarde 2-0.
Pas fier yn 'e twadde helte die Hearrenfean wat werom. Bak Jensen skoarde út in corner fan Nurmela 1-2.