Wintersinnekear yn Ryptsjerk

© Omrop Fryslân
Meditaasjesintrum Noorderlucht yn Ryptsjerk organisearre freedtejûn in wintersinnekear-liskonsert. It konsert bestie út fluitmuzyk en de foardracht fan in Finsk epos, de Kalevala. Doel fan it konsert is rêst en meditaasje, want dêr is de wintersinnekear gaadlik foar.
Der wie mear belangstelling foar it konsert as ferwachte. By de simmersinnekear yn juny komt der in ferfolch.