'Nije' namme plysjeregio

22 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De offisjele namme fan 'e Fryske plysje is tenei 'Politie Fryslân'. Dat hat minister De Vries fan Ynlânske Saken besletten. De offisjele namme wie noch altyd Politie Friesland. De plysje sil de Fryske namme stadichoan ynfiere. Briefpapier en logo's op plysje-auto's wurde stap foar stap oanpast.

Troch dit mei ferdrach te dwaan sil de nammeferoaring gjin jild kostje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)