Nije muzykskoalle yn súdeasten

© Omrop Fryslân
Súdeast-Fryslân krijt in nije muzykskoalle: it 'Centrum voor de Kunsten A7'. Yn it nije sintrum wurkje de muzykskoalle fan Opsterlân, en de muzyken dûnsskoalle Schoterwerven gear. Mei de fúzje is har fuortbestean fersekere.
De nije muzykskoalle is de grutste fan Fryslân. Der wurkje 75 dosinten. Troch de fúzje kinne de skoallen har aktiviteiten útwreidzje.