Soad WW'ers yn Fryslân

21 des 2001 - 00:00

Fryslân hat fan alle provinsjes de measte minsken mei in WW-útkearing. Fan de Fryske beropsbefolking hat 2,7 persint sa'n útkearing. Lanlik leit dat persintaazje op 1,8.

Yn Fryslân reitsje wol minder minsken arbeidsûngeskikt yn ferliking mei de rest fan it lân. Ien en oar blykt út in ûndersyk fan it lanlik ynstitút foar sosjale fersekeringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)