Hotel yn havenkraan

21 des 2001 - 00:00

Harns kriget der wer in bysûnder sliepplak by. De havenkraan wurdt ferboud ta minyhotel. Dêrby wurdt de kabine ta útsjochpost foar de gast. It gefaarte hâldt nei alle gedachten wol syn draaifunksje.

De havenstêd hat al twa oare spesjale 'hotels': de fjoertoer en in rêdingsboat. De kraan is monumint en bliuwt dat ek.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)