Plysje wint miljeupriis

20 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Plysje Fryslân hat in stimulearringspriis fan 100.000 gûne wûn. De plysje sjocht der sûnt trije jier ekstra op ta oft minsken en ynstânsjes harren wol oan de natuerbeskermingswetten hâlde. Dêrby wurdt gearwurke mei it Fryske Gea, Steatsboskbehear en Natuermonuminten.

Mei it jild sil de plysje immen oanlûke dy't it miljeuprojekt fierder útbouwe moat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)