Togolees krijt 6 jier

© Omrop Fryslân
It gerjochtshôf yn Ljouwert hat in 21jierrige man út Togo tongersdei ta seis jier sel feroardiele. De eask wie acht jier. De man hat yn july ferline jier yn Damwâld in 17-jierrige húsgenoat út Sierra Leone deastutsen.
De Togolees hat altyd folhâlden dat er minderjierrich wie, mar ûndersyk hat oars útwiisd. TBS wie neffens it hôf net nedich fanwege it útsetten nei de straf.