Mata Hari print net bysûnder

20 des 2001 - 00:00

De tekening fan Mata Hari dy't lêsten boppe wetter kaam, docht bliken net sa bysûnder te wêzen. By opnamen foar it televyzjeprogram Tusken Kunst en Kitsch kaam ien mei de yllustraasje. Doe waard tocht dat it in nije print wie.

Konservator Gerk Koopmans fan it Frysk Museum koe de tekening al út in boek út 1981. It dokumint hat neffens him net sa'n keunsthistoaryske wearde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)