Seis pannen foar miljoen opknapt

20 des 2001 - 00:00

Seis histoaryske pannen yn Harns wurde opknapt. De gemeente stelt in miljoen gûne beskikber foar de gebouwen yn de Grote en Kleine Kerkstraat. It inisjatyf dêrfoar komt fan de Hein Buisman stichting.

Nei it opknappen kinne de pannen oan partikulieren foar twa oant trije-en-inheale ton ferkocht wurde. Ek de buert om de gebouwen hinne wurdt oanpakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)