Fúzje sosjale wurkfoarsjenningen

© Omrop Fryslân
De Marrelân Groep út Snits en Westergo bedriuwen út Frjentsjer fusearje mei yngong fan takom jier. Dêrmei komt der ien bedriuw foar sosjale wurkfoarsjenningen foar West-Fryslân mei 1300 wurknimmers.
Der komt mear fariaasje yn it wurk troch de fúzje. Ek de konkurrinsjeposysje wurdt better. It nije bedriuw sil Empatec hite en komt yn Snits.