Twarres nominearre foar Edison

© Omrop Fryslân
Twarres is nominearre foar in Edison muzykpriis 2002. De útrikking is 27 febrewaris. De Edison, dy't al sûnt 1960 útrikt wurdt, is foar in album fan bysûndere kwaliteit. In sjuery fan 450 minsken jout har miening dêroer. It giet dus net om de ferkeapsifers.
De Nederlânske band Johan hat mear kâns op in priis as it Wergeaster duo want de groep is twa kear nominearre.