Hast 2 miljoen foar jeugdsoarch

© Omrop Fryslân
De jeugdsoarch yn Fryslân krijt 1,8 miljoen gûne stipe fan de provinsje. Dat jild is bedoeld foar de ôfhanneling fan in fúzje yn de jeugdsoarch. Dêrmei kin ek Aekinga yn Appelskea kocht wurde. Yn it ynternaat fan Aekinga wurde probleemjongeren opfongen.
Oardeljier lyn wienen der plannen it gebou te sluten. Takom jier wurdt dúdlik wat der mei it kompleks bart.