Svedamast giet yn ljochtmêsten
Svedamast hat tiisdei fan boargemaster De Boer de Ljouwerter ûndernimmerspriis 2001 krigen. It bedriuw makket flaggemêsten, mar sjocht yn de takomst goede kânsen foar de fabrikaazje fan keunststofljochtmêsten.
Yn de nije wyk Zuiderburen by de Fryske haadstêd komt in proefopstelling fan de mêsten. De direkteur ferwachtet op langere termyn ek ynternasjonaal sukses.