Mear huzen foar Achtkarspelen

19 des 2001 - 00:00

Yn Bûtenpost en Surhústerfean komme nije huzen. Ut de provinsjale knyppuntepot hat de gemeente Achtkarspelen 114 ekstra wenningen krigen. It gemeentebestjoer hie sels ek in potsje oanlein dêr't 139 huzen fan boud wurde kinne. Dy komme yn de lytsere doarpen.

De nijbou moat yn de besteande romte komme, want der komme gjin nije bestimmingsplannen by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)