Gemeente jout minima ekstra
Smellingerlân jout minima yn 'e gemeente takom jier wer ekstra jild. Smellingerlân is ien fan de iennichste gemeenten dy't de bijstânspot hielendal opmakket. Alle minima krije 750 gûne dy't se frij besteegje kinne. Ek wurde se foar de syktekosten fersekere.
Fierder hoege se gjin gemeentebelesting te beteljen en krije se 150 gûne om in sport of leafhawwerij te dwaan.