Snits wol nije teaterseal

© Omrop Fryslân
Snits wol in nije gemeentlike teaterseal yn 'e stêd ûnderbringe by it sintrum foar de keunsten. Yn 2007 rint it kontrakt mei teater Amicitia ôf.
Foar dy tiid soe der in ferfangende seal mei sa'n 400 stuollen komme moatte. Dy seal moat komme by in noch te bouwen sintrum. Dat wurdt it nije ûnderdak foar ferskate foarmen fan amateurkeunst. Wêr't dat gebou komt is noch net dúdlik.