'Jouw 5' foar Afghanistan

© Omrop Fryslân
'Jouw 5' is de namme fan in nije aksje, dy't as doel hat minsken yn Afghanistan te stypjen. Alle Friezen moatte 5 euro jaan en by elkoar moat de aksje 100.000 euro opsmite.
De aksje is in inisjatyf fan 7 minsken dy't elkoar fan it grafysk wurk kenne. Jan Auke Steegstra hat it idee betocht. Kunde fan Steegstra yn Amearika is ek entûsjast en wol dêr de aksje oernimme.