Fryske ekonomy hat goed jier hân

18 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske ekonomy hat in goed jier hân, nettsjinsteande de tongblierkrisis en de oanslaggen fan 11 septimber. Omset en wurkgelegenheid groeiden yn Fryslân hurder as yn de rest fan it lân.

Dat docht bliken út de ERBO-enkête ûnder 4000 bedriuwen fan de Keamer fan Keaphannel. Under it genot fan in moarnsbrochje waarden de sifers tiisdei presintearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)