NLTO wol jild mkz-needfûns

© Omrop Fryslân
Jild út it tongblierneedfûns brûke foar lânboubelied. Dat wol de NLTO, ôfdieling Dongeradiel. It jild fan it needfûns is net hielendal opbrûkt.
De NLTO en de gemeente wurkje tegearre oan in rapport oer de takomst fan de lânbou yn Dongeradiel. Net inkeld greidboeren, mar ek bouboeren, lykas blombollekwekers, krije omtinken. Takom maitiid ferskynt it rapport.