Gjin skeafergoeding gaswinning

18 des 2001 - 00:00

Partikulieren en bedriuwen dy't skea hawwe fan gaswinning, krije gjin fergoeding fan it Ryk. Dat hat de Twadde Keamer moandei besletten. Se diene dat op advys fan minister Jorritsma fan Ekonomyske Saken.

Neffens it CDA profitearret it Ryk safolle fan de gaswinning dat der wol in skeafergoeding foaroer stean mei. Dat foarstel helle it lykwols net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)