Keamer: 'hege mkz-boetes'

© Omrop Fryslân
Boeren dy't harren by in nije tongblier-útbraak net oan 'e regels hâlde, kinne in hege strafkoarting krije. De Twadde Keamer stiet achter it stânpunt fan minister Brinkhorst.
Earder dit jier krigen boeren grutte boetes foar lytse oertredings. Dêr kaam ek yn de Twadde Keamer ferset tsjin. De strafkoarting op de skeafergoeding kin no wol oant 500.000 gûne oprinne.