'Turk grutsker op taal as Fries'

© Omrop Fryslân
Turken fine de eigen taal wichtiger as Friezen it Frysk, sa meldt it blêd Liwwarders yn 'e desimber-edysje. De krante tekene dy wurden op út 'e mûle fan heechlearaar Guus Extra yn Tilburg.
In Turk is goed yntergrearre as er syn eigen taal opjout, sa is de publike opiny. Hjir is sprake fan in dûbele moraal, want Friezen meie wol harren eigen taal ûnderhâlde.