MCL skrikt fan taalûndersyk
Sikehûs MCL yn Ljouwert ûntwikkelet mooglik taalbelied nei oanlieding fan in ûndersyk nei Frysk yn 'e sûnenssoarch. In soad pasjinten hawwe der ferlet fan mear Frysk prate te kinnen by de doktoaren en spesjalisten. Dy binne lykwols faak Nederlânsktalich.
It MCL biedt nije spesjalisten in kursus Frysk oan, mar ferplichte is dat net.