Stikkene treinen by Noordned
Ferfiersbedriuw Noordned is de ôfrûne wike bot pleage troch kapotte treinstellen. Mei elkoar giet it om in stik as tweintich. De measte defekten binne yntusken wer ferholpen.
Noordned siket noch hieltyd nei mooglikheden om oan mear treinstellen te kommen. Problemen mei stikkene treinen en dêrtoch útfal fan tsjinsten komme geregeld foar.