Basketbal: ferlies foar Aris

© Omrop Fryslân
Basketbalploech Aris hat sneon mei 8697 ferlern fan de Red Giants út Meppel. Yn it earste en twadde kwart fan de wedstriid gong it gelyk op. De Giants kamen tidens it tredde kwart yn 3 minuten tiid op in foarsprong fan 22 punten. Aris koe dat ferskil net mear ynhelje. Foar Aris binne de ôfrûne wiken nochal rûzich west omdat coach Roerman ophâlden is en ferfongen troch Simson.