Dochs útfiering 'Dubeldjerre'

© Omrop Fryslân
It muzykteater 'Dubeldjerre', dat earder dit jier troch de tongblierkrisis ôfsein waard, sil yn april takom jier dochs noch útfierd wurde. Dat bart yn MFC De Mande yn Nijlân.
It stik waard skreaun yn opdracht fan de stifting Aaipop yn it ramt fan it 15jierrich bestean. Alle spilers en hast alle muzikanten binne ree fûn om wer mei te dwaan oan it stik.