'Dokters moatte op Fryske les'

© Omrop Fryslân
Dokters yn Fryske sikehûzen en soarchynstellings moatte op Fryske les. Dat is ien fan de oanbefellings fan in wittenskiplik ûndersyk dat útfierd is troch de Fryske Akademy. Der is ûndersyk dien nei it plak fan it Frysk yn de sûnenssoarch.
It brûken fan de eigen taal yn de soarch is fan wêzentlik belang foar in goede kommunikaasje. It docht bliken dat in soad dokters it Frysk min behearskje.