Langhout skildersgroep oernaam
De Langhout skildersgroep yn Ljouwert is oernaam troch Fred Baas. Baas is ôfkomstich fan MoTip yn Wolvegea. De Langhoutgroep is ien fan de grutste skildersbedriuwen fan Nederlân.
By de groep hearre fjouwer bedriuwen, dêr't guon fan spesjalisearre binne yn fabryks- en skipsûnderhâld. It is direkteur Langhout net slagge om in opfolger yn 'e eigen famylje te finen.