Eigen kamera Alvestêdeferiening

15 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It bestjoer fan de Fryske Alvestêdeferiening sil tenei mei in eigen kamera by de finish de folchoarder fan oankomst folgje. De lêste kearen waard dêr in kamera fan de NOS foar brûkt.

De oankomstsjuery krijt tenij stipe fan de spesjalisten fan de KNSB maratonsjuery fan it gewest Fryslân. Foarsitter Kroes sei dit freed op de ledegearkomste yn it Ljouwerter FEC.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)