Sweeftrein: Nijpels optimistysk

15 des 2001 - 00:00

Kommissaris fan de Keninginne Nijpels is noch hieltyd optimistysk oer de kânsen foar in magneetsweeftrein nei it Noarden. Dochs hat it kabinet it punt op 'e nij trochskood en sil der pas nije wike fierder oer prate.

It kabinet sil dan mooglik ek beslute oft der in ûntwerp-priisfraach útskreaun wurdt. Neffens Nijpels soe dat in goede ympuls betsjutte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)