Nije resolúsje foar lytse talen

© Omrop Fryslân
It Europeesk Parlemint hat in resolúsje oannommen foar finansjele en politike stipe oan minderheidstalen. De resolúsje freget om in apart budzjet en mearjierrich program foar minderheidstalen.
Nije lidsteaten fan 'e Europeeske Uny wurde yn 'e resolúsje frege om demokratysk om te gean mei taalminderheden. It Europeesk belied foar minderheidstalen stie de lêste jierren faai.