Weststellingwerf net op houlik

© Omrop Fryslân
Op de houliksjûn fan Willem Alexander en Máxima sil net ien ynwenner fan Weststellingwerf wêze. De houliksjûn is de dei foar de trouwerij, yn de Amsterdam Arena. Dêr binne 30.000 minsken wolkom.
Alle gemeenten kinne minsken ôffurdigje. Der is lykwols mar in wike tiid om dielnimmers út alle lagen fan de befolking te sykjen. Weststellingwerf fynt dat te koart en docht dêrom net mei.