Marokkanen reitsje moskee kwyt

14 des 2001 - 00:00

De Marokkaanske mienskip yn Harns hat ynkoarten gjin moskee mear. De gemeente wol gjin jild mear jaan foar it gebou. De Marokkanen moatte tenei sels foar de kosten opdraaie en dat slagget se net.

Neffens de gemeente wurdt it gebou net mear brûkt foar it oarspronklike doel. It pân moast in sintrum wêze foar alle bûtenlânske groepen, mar allinnich de Marokkanen binne noch oerbleaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)