Maratonreedriden

13 des 2001 - 00:00

De twadde maraton yn de seisdaagse is woansdei yn Grins wûn troch Cedric Michaud. De Frânsman wie de fluchste yn in kopgroep fan 13 man. Twadde waard Henk Angenent, tredde Peter de Vries fan Oranjewâld.

Oare Friezen dy't foaroan meidienen wiene Ruud Borst fan Sint Nyk op in fyfde plak en Jan Eise Kromkamp fan Wolvegea op in njoggende plak.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)