Dúdlikheid oer ûntslaggen UPC

13 des 2001 - 00:00

Kabelbedriuw UPC makket tongersdei bekend oan it personiel yn Ljouwert wa't dien krijt of net. De topman fan UPC is sels nei de Fryske haadstêd kommen om it minne nijs te fertellen. Yn Ljouwert wurkje 150 minsken.

It bedriuw hat te krijen mei in grutte reorganisaasje. Lanlik wurde 650 fan de 2300 banen skrast. Yn Ljouwert ferdwine 34 banen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)