Aksje om bern út Irak te hâlden

© Omrop Fryslân
Fryske learlingen fiere aksje om har klasgenoatsjes út Irak yn Nederlân bliuwe te litten. It giet om acht bern dy't hjir al trije jier binne, mar noch hieltyd net witte oft se bliuwe meie.
Learlingen fan twa basisskoallen yn Wommels wolle sneon hantekens ynsammelje. Dêrmei hoopje se dat de bern net werom hoege nei Irak. De hântekens wurde nije wike oan it kolleezje oanbean.