Glêstúnbougebiet dochs grutter
Fryslân hat Berltsum oanwiisd as gebiet foar de glêstúnbou. It gebiet is dan ek as sadanich opnaam yn de fiifde nota romtlike oardening. Dat soe betsjutte dat der gjin glêstúnbou mear yn oare gebieten yn Noardwest Fryslân komme kin.
Oerlis op it ministearje hat no it gebiet grutter makke, oant sa'n 15 kilometer om Berltsum hinne. Foar it gebiet is in plan fan oanpak makke.