Bonifatiussikehûs gjin monumint

12 des 2001 - 00:00

It 'Bonnehos' krijt net de status fan monumint. It MCL-Noard sikehûs is boud yn de styl fan de Amsterdamse School. Nettsjinsteande it ryksbeslút hopet it kolleezje it gebou te behâlden.

Eigner soarchgroep Noorderbreedte wol it gebou kwyt sadat der wenningen komme kinne. In arsjitekteburo besjocht oft der wenningen yn it pân kinne, sadat yn alle gefallen in part bestean bliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)