Romjen hoecht miskien net mear

© Omrop Fryslân
It romjen fan sûne bisten by in útbraak fan tongblier wurdt miskien oerstallich. De Europeeske kommisje ferwachtet testen dy't ûnderskied meitsje kinne tusken it tongblierfirus en de intstof. Dat sei eurokommissaris Byrne op de EU-konferinsje yn Brussel. Dêr prate se woansdei en tongersdei oer tongblierbestriding.
No wurde de bisten noch romme om de fersprieding fan it firus foar te kommen.