Al-Khalidi wint essaywedstryd

© Omrop Fryslân
Rodhan Al-Khalidi fan Swolle hat de earste priis wûn yn de essaywedstryd 'Nieuw Leven in de Lage Landen'. De wedstryd wie útskreaun troch NRC Handelsblad, de Belgyske Standaard en de Fenix Foundation yn it ramt fan 'Rotterdam, kulturele haadstêd'.
De út Irak ôfkomstige Al-Khalidi wenne earder yn it AZC yn Harns. Dêr skreau er syn earste dichtbondel oer Fryslân.