Spesjale iismasine oanskaft

© Omrop Fryslân
IIswegesintrale Oostergo út Dokkum hat in nije revolúsjonêre iismasine oanskaft dy't yn in tempo fan 25 km yn it oere it iis skjinmeitsje kin. Mocht der in Alvestêdetocht komme, dan wurdt it ding ynset op it trajekt Bartlehiem-Dokkum.
De masine hat in ferwaarmde kabine en romte foar iisslachtoffers achterop. Boppedat kin de masine sawol it iis fuortskowe as feie. Hy kostet fl 50.000.