Grutte samling Frysk ierdewurk

12 des 2001 - 00:00

De Ottema-Kingma Stichting út Ljouwert hat in wichtige samling ierdewurk ûntfongen fan Keninklike Tichelaar yn Makkum. De stichting docht de samling yn brûklien oer oan keramykmuseum De Prinsessehof yn Ljouwert.

De kolleksje bestiet út 350 stiks Frysk gebrûksierdewurk en tegeltablo's út de 17e oant 19e ieu. It Prinsessehof hat guon stikken al tydlik útstald.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)