Hearrenfean wint út mei 1-0

12 des 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

SC Hearrenfean berikte tiisdei de lêste acht yn it Amstelcup-toernooi. De klub spile yn Kerkrade tsjin Roda JC en wûn mei 1-0.

It doelpunt foel yn de tritichste minút en kaam op namme fan Mika Nurmela. Hy kopte de beslissende foarset fan Anthony Lurling yn. Ek nei it doelpunt bleau it in spannende wedstryd, mar it slagge Roda JC net mear om te skoaren.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)