Preemjes De Friesland omheech

© Omrop Fryslân
De preemjes fan soarchfersekerder De Friesland geane 1 jannewaris mei mear as in tredde omheech. Dat is it gefolch fan hegere kosten yn de sûnenssoarch en de oanpak fan de wachtlisten. Ek it feit dat der oare regels hantearre wurde by de ferdieling fan oerheidsjild, makket dat de preemjes stige. Ek oare soarchfersekerders ferheegje de preemjes. Dy fan De Friesland stige it meast.