Undersyk tongblierboeren oer RVV
Mar trije persint fan de boerebedriuwen dy't te meitsjen hân ha mei tongblier, is tefreden mei de ynformaasjefoarsjenning fan de RVV, de rykstsjinst foar fee en fleis.
Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder 300 boeren op de Feluwe. Neffens de boeren kaam de RVV tasizzings net nei. In protte boeren krigen formulieren en warskôgingsboerden te let.