Bedriuwsterreinen moatte opknapt

11 des 2001 - 00:00

It bedriuwsterrein Skipsleat yn Wolvegea moat binnen trije jier folslein opknapt wurde. Subsydzjejouwers, oerheden en bedriuwslibben sille der mei mekoar 20 miljoen gûne ynstekke.

Dat ferwachtet deputearre Van Klaveren fan Ekonomyske Saken. Hy wol ek dat de oare âldere bedriuwsterreinen yn Fryslân noch foar 2004/2005 opknapt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)