'Jannewaris gjin Alvestêdetocht'
Sels as der genôch iis leit, is it mar de fraach oft der yn jannewaris in Alvestêdetocht komt. Neffens de plysje kin yn dy perioade, de saneamde eurowikselwiken, de iepenbiere oarder by in tocht net hanthavene wurde.
De plysje hat dan de hannen fol oan jildtransporten. Ek it keninklik houlik easket in soad plysjeynset. De Alvetêdeferiening fjochtet it beslút oan.